Yn 1504 wie Albrecht fan Saksen de baas yn Fryslân. Hy fûn dat al dy ferskillende mjitten, gewichten en munten foar betizing soargen. Hy fierde ien munt yn foar hiel Fryslân, fansels mei syn byld derop. Ek de mjitten en gewichten moasten deroan leauwe. De EL fan Warkum waard de Fryske ELK, ferplichte yn hiel Fryslân. Likegoed de Bolswarder Loop (nôtmaat) en de Ljouwertster Ommekan (1,9 liter).
Yn 1775 waard de Warkumer EL – de Fryske EL – ferfongen troch de Hollânske EL (68,8 cm). Yn 1820 waard de meter ferplichte.
De EL waard op de muorre fan it stedhûs pleatst, sadat elkenien syn mjitstok kealibrearje koe.
———-
Sûnt 1979 wurdt de Warkumer EL útrikt oan in persoan dy’t him sûnder eigenbelang, oer langere tiid en op ferskate mêden, ynset hat foar Warkum. De Warkumer EL wurdt allinnich op foardracht útrikt. It bestjoer fan Plaatselijk Belang beslút oft de foardroegen persoan oan de betingsten foldocht. De ûnderskieding kin it hiele jier troch útrikt wurde.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland