BELIBJE WARKUM FANÚT DE WAAK!
Museum Warkums Erfskip is yn 2016/2017 fan ûnderen oant boppen folslein fernijd en is no in museum dat past by de easken en winsken fan dizze tiid. It nije museumkonsept ‘Belibje Warkum fanút de Waak’ is prachtich foarmjûn mei maketten, ferhalen en multimedia. It museum is hjirmei it startpunt wurden om safolle mooglik hichtepunten fan de prachtige stêd Warkum te ûntdekken en te bewûnderjen!
Kofskipper Huijte Fookles
Op de souder fan De Waak kinne jo lústerje nei de spannende ferhalen fan de 18e-iuwske kofskipper Huijte Fookles. Yn desimber 1777 kaam Huijte yn in stoarm terjochte en strâne op it Frânske strân by Soulac. Yn in brief fan syn reder krige er it advys om de lading derút te heljen en it skip ôf te brekken. Dizze brief is in pear jier lyn by tafal weromfûn yn Londen, yn The National Archives. Yn it KRO-programma “Brieven boven water” is hjir oandacht oan jûn.
Yn dizze permaninte tentoanstelling kinne jo, wylst jo nei syn libbensferhaal lústerje, sjen nei de foarwerpen en ôfbyldings. Benammen bern fine it tige spannend om dizze opstelling op de souder te besykjen!
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland