It is te tankjen oan mûnts Uffing dat de stêd Warkum datearre wurde kin.
As jonge man wie er fassinearre troch de mûntsen fan it St. Odulphuskleaster yn Himmelum. Yn de tsiende iuw gie er dêr yn en learde lêzen en skriuwen. Letter skreau er him yn ûnder de namme Uffing fan Warkum yn it kleaster fan Werden (by Essen), stichte troch de Fryske apostel Liudger. Hjirmei is dúdlik dat Warkum al sûnt de tsiende iuw bestiet.
Op opdracht fan de stêd Warkum yn 1997 makke troch
Sofie Hupkens.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland