Kaas bij de Harmonie en delicatessen

Sûnt 10 febrewaris 2022 bin ik, Laura Jellema, eigenaresse fan dizze tsiis- en delikatessewinkel yn de Alvestêdestêd Warkum. Wy ferkeapje benammen tsiis, tapas en nuten. Jo kinne lykwols ek by ús terjochte foar in kwaliteitswyn of oare delikate produkten.

Ik wie 35 jier wurksum as liedingjaande binnen in sikehûs. Troch Corona haw ik besletten oare wegen yn te slaan.

Ik haw de leafde foar it tsiisfak leard te wurdearjen, omdat myn partner altyd oanjûn hat hokker tsiissoarten der yn ‘e wrâld binne. Myn partner reizge nammentlik, yn de jierren ’90, as bûnstrener fan de Nederlânske skyfederaasjes, de seizoenen efternei (winter yn Europa, ús simmer op it súdlik healrûn).

Tsjintwurdich begeliedet er sporters by in juridysk kantoar. Hy helpt my yn ‘e winkel op elk frij momint. Skrik dus net as hy jo tsiis ynpakt ;-)

Workum.nl wurdt mooglik makke troch: