Boarterskip Stedspôle

It doel fan it Fryske Marrenprojekt wie om Fryslân as wettersportgebiet noch oantrekliker te meitsjen en dêrmei ek de Fryske ekonomy te stimulearjen. It projekt is yn 2000 úteinset en rint no hast ôf. De twadde faze rjochtet him foaral op it fersulverjen fan de dien ynvestearrings, ynnovaasje, natuer en duorsumens. Yn gearwurking mei de belutsen gemeenten hat de provinsje masterplannen opsteld foar de wichtichste wettersportkearnen en tagongspoarten. Foar Warkum giet it ûnder oaren om de nije haven by de Stedspôle, de nije Klameare en de nije haven op it plak fan de âlde Klameare.

Wy binne tige bliid mei dizze prachtige nije foarsjennings en wolle as tank in geskink oan de stêd Warkum oanbiede. De moaie haven by de Stedspôle is ôfrûne simmer al in protte brûkt. Om it gehiel noch oantrekliker te meitsjen foar (farende) toeristen mei bern en om foar de bern fan Warkum in ekstra boartersplak te kreëarjen, wolle wy graach in moai boartersark yn de foarm fan in skip op de pôle realisearje. In solide en duorsum boartersark dat prachtich past by it havenbyld. Plaatselijk Belang hat hjirfoar (nei tastimming fan de leden) in budzjet beskikber steld.

Yn augustus 2017 is it boarterskip yn gebrûk naam.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland