It wie de “koedokter” Bouke Haagsma dy’t De Neui útnoege om yn Warkum te sprekken. Op 1 augustus 1866 wie de herberch fan Jellema ôflaat fol. Doe’t De Neui begjinne woe, waard him dat troch de plysje, yn opdracht fan de boargemaster, ferbean. Der wiene folle mear minsken oanwêzich as de 19 dy’t neffens de wet tastien wiene. Mar dy wet wie al lang ôfskaft, sa’t De Neui wist. De boargemaster, dy’t der by helle waard, hold lykwols foet by stik — de tsjinst gie net troch. Doe waard De Neui ferfold fan hillige grime en sei tsjin de boargemaster: “Ik hâld jo foar God ferantwurdlik foar jo fijânskip tsjin syn Evangeelje. Ik sil jo foar God oanklage oer de sielen dy’t troch de fersteurde preek fan dizze jûn yn de hel komme…”. Trije wiken letter, doe’t De Neui wer yn Warkum kaam, waard him neat mear yn ‘e wei lein. De herberch fan Jellema *) stie oan it Noard nr.16 (wyk A100), de eardere apotekerswenning. Der waard doe ôfpraat om fêste gearkomsten te hâlden. De earste jierren wiene dy yn it hûs fan Bouke Haagsma (wyk B 94 = Súd 103). Doe’t dat te lyts waard, fûn men ûnderkommen yn de weinmakkerij fan Dirk Jans Driebergen (wyk F 7 = Súd 134). Fan 1876 ôf fergadere men yn it hûs fan keapman Hendrik de Vries (wyk C 12 = Súd 106 “De Smidte”). Ulbe Zwolsman, de bekende skipsbouwer, hie ein 19e iuw ek in wichtige rol as lieder fan de sneinsskoalle. Op 30 april 1898 skiede de baptistemienskip fan Warkum har ôf fan de memmetsjerke yn Frjentsjer en waard selsstannich. Yn 1900 waard in nij lokaal yn gebrûk naam, mei in wetterbassin. Op 10 febrewaris 1901 fûn dêr de earste doopplechtichheid yn Warkum plak. Foar dy tiid barde dat yn Makkum. Wêr’t dit lokaal stien hat, is net bekend. Op 21 novimber 1904 ûndertekenen trije bruorren de keapakte foar “in boargerhûs mei tún”. Seis jier letter waard dit hûs ferboud ta tsjerke mei de namme “BETHEL”, dat “Hûs fan God” betsjut.
*) It is bekend dat hjir yn de twadde helte fan de 19e iuw in herberch wie mei de namme “It Wapen fan Fryslân”. Op 5 maaie 1866 festige Pieter Minnes Jellema him hjir. Yn it befolkingsregister stiet gjin berop oanjûn. Oft Jellema dêr in herberch begûn is, is net dúdlik. Der wie doe ek noch in oare Jellema yn Warkum: Murk Johannes Jellema, dy’t op it Súd (wyk C 52 = Súd 28) wenne en barbier wie.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland