Iepen Mûnedag yn Súdwest-Fryslân

30 Nov

Snein 24 novimber o.s. wurdt de Mûnedag Súdwest-Fryslân organisearre. De measte mûnen yn it gebiet fan de gemeente Súdwest-Fryslân sille dizze lêste snein fan novimber draaie, en by genôch wyn folop yn bedriuw wêze.

Yn de ôfrûne jierren wie der op dizze mûnedag altyd genôch wyn, wetter en nôt om moal te meallen, en hout om planken fan te seagjen. Op dizze unike mûnedag yn de gemeente Súdwest-Fryslân kinne jo dit allegear belibje en sels ûnderfine hoe’t it eartiids barde.

Yn ús gemeente steane mear as 30 wynmûnen. Mear as 25 mûnen sille dielnimme oan dizze mûnedag. De measte mûnen binne poldermûnen, mar der binne ek guon houtseachmûnen, korenmûnen, Amerikaanske wynmotors en sels in Tjasker binnen ús gemeentegrinzen.

Op it mêd fan polderbemaling binne der ferskate soarten mûnen, lykas achtkante Grûnseilers, Spinnekop-mûnen, Boerenmuontsen, grutte en lytse Wynmotors, en Tjaskers. De lêste snein fan novimber is bewust keazen, omdat de mûnen yn dit seizoen sjen litte kinne wêr’t se foar boud binne: meallen, seagjen en pompen. Dit kin op de lanlike of Fryske Mûnedagen faak net, fanwegen it waar of in tekoart oan wyn en wetter.

De mûnen binne iepen fan 11.00 oant 16.00 oere, en de tagong is fergees. Sjoch op ús webside www.molenstichtingswf.nl foar de aktuele list fan alle dielnimmende mûnen yn ús mûnerykste gemeente fan Nederlân.

(Boarne: Friso, De Cornwerdermolen. Foto: Martin de Jong)