Begjin jierren 60 krige Ybema in oanbod fan fl. 10.000,- foar de mûne. De mûne soe ôfbrutsen wurde en nei de Feriene Steaten ferfierd wurde om dêr op ‘e nij opboud te wurden. Ybema sloech it oanbod ôf en skonk de mûne yn 1963 oan de doe noch gemeente Warkum. De gemeente liet dêrnei in restauraasje útfiere.
Yn 1978 waard de mûne troffen troch wjerljocht en rekke opnij yn ferfal.
Yn 1994 wie de tastân fan de mûne sa min wurden dat it trochbûgde flecht út 1986 fuorthelle wurde moast. It ûnderwilens 100-jierrige ryksmonumint smachte nei in grûnlige restauraasje, mar de finansjele middels ûntbrieken doe noch.
Yn maaie 2001 waard de mûne oerdroegen oan de Molenstichting Nijefurd, no
Molenstichting Súdwest-Fryslân. Oan de ein fan dat jier kamen der troch subsydzjes fan it Ryk, de provinsje en de gemeente genôch jild frij foar in restauraasje. Bouw ’75 hat de wurksumheden útfierd. It earder ferwidere flecht waard werom pleatst. De opknapte achtkante mûne mei potdekselde romp waard ein 2002 oplevere.
Op 27 novimber 2011 sloech it needlot op ‘e nij ta. Tidens de Moledei fan Súdwest-Fryslân briek de houten binnenroede. Troch houtrot efter de keerklos waard de mear as 10 meter lange roede swakker en briek ôf. Yn novimber fan it jier dêrnei waarden twa nije houten roeden pleatst en ophekt, sadat de mûne klear wie foar de kommende Moledei. In fotoreportaazje is te finen yn de byldbank.
By in kontrôle yn july 2015 die bliken dat de houten fizel net ivich meigean soe. Houtrot waard fêststeld, wat grutte gatten feroarsake. De ferfanging waard pland foar de winter fan 2017/2018.
Foto’s fan Ybema’s mûne binne te finen fia de link nei de byldbank.
De mûne is te besjen as dy draait of op ôfspraak. Mûnders Henk Brandsma en Johan de Jong binne te berikken op respektivelik 06-18906187 en 06-51549221. Lokaasje is by de mûne!
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland