De Tillefonne is in tsjerkepaad nei de Grutte of Sint-Gertrudiskerk fan Warkum. It paad waard yn 1560 al Tillefonne neamd. De namme is in gearfoeging fan tille en fonne. Yn it Frysk betsjutte dizze wurden “brêge” en “keppelân”. It tsjerkepaad rint fan de âlde Suderseedyk noardwestlik fan Warkum troch de greiden oer acht brêchjes nei Warkum. Dêr einiget it by in sydsteechje – de Tillefonnestege – oan de Noard, tichtby de Merk en de Sint-Gertrudiskerk.
Frijwilliger Paul van Dommelen fan Wandelnet kuiert mei de gids fan it Suderzeepaad yn ‘e hân. In útdaagjende kuier fan 490 km rûnom de eardere Sudersee. Yn in rige blogs diel hy syn ûnderfiningen. Hjirûnder syn blog oer de Tillefonne yn Warkum.
Foardat wy ús kuier nei Makkum begjinne, drinke wy kofje op it merkplein fan Warkum. Wy sjogge al efkes hoe’t wy de stêd út moatte, mar it paadsje neist húsnûmer 25 sjogge wy net fuortendaliks – it is mar trije tegels breed. Wy steane op de Tillefonne (km 392). Nei sa’n 100 meter geane wy oer de earste brêge en steane ynienen yn de greiden. It is bysûnder hoe fluch je út it sintrum yn de natuer binne. Wy leare dat Tille it Fryske wurd is foar in smelle (hege) brêge mei leuningen en dat Fonne in âld Frysk wurd is foar keppelân.
It paad rint fan de merk yn Warkum troch de greiden fia 8 brêchjes nei de âlde Suderseedyk. It waard brûkt troch minsken dy’t nei de tsjerke of de merk gienen. Ik kin my ek yntinke dat Warkumers it paad brûkten om gau by de Sudersee te kommen. Op âlde kaarten is dêr in soarte fan haven te sjen.
It kadaster hat alle topografyske kaarten sûnt 1815 digitalisearre. Dêrmei is mear ynformaasje oer de Tillefonne maklik te finen. Fanôf 1850 stiet it paad op de kaart. Yn 1904 stiet der “Telegraaf” by. Yn 1932 ferdwynt dy namme. Op de kaart fan 2005 stiet foar it earst wer “Tillefonne”.
It paad is troch de greiden mar ien tegel breed. Fia de brêchjes rinne wy fan greide nei greide en binne wy foar ús gefoel te gau by de Suderseedyk.
Geografyske ynformaasje | |
Lokaasje | Warkum |
Start | Makkumerdyk |
Ein | Noard/Merk (Warkum) |
Lingte | sa’n 1 kilometer |
Breadte | ien tegel |
Algemiene ynformaasje | |
Neamd nei | tille (brêge) en fonne (keppelân) |
Namme sûnt | 1560 |
Oars | tsjerkepaad |
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland