It âldste part fan it gebou komt út de 15e iuw. Yn 1727 krige it nije gevels en in oar dak nei in ûntwerp fan Simon Galtema. Op de souder sit in cachot (finzenis). De tagong giet fia in trep mei in bordes (1953). It beskildere goudlearbehang en it stúkplafond yn de riedseal datearje út 1773.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it it gemeentehûs fan Nijefurd. Nei’t it yn 2011 opgie yn de gemeente Súdwest-Fryslân, hat it gebou gjin funksje as gemeentehûs mear.
It eardere stedhûs stiet oan de Merk. It oanbuorjende pân is it ‘Friese Huisje’, dat yn 1620 oan it stedhûs tafoege waard. Fierder steane dêr de waach en de Grutte of Sint-Gertrudiskerk.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland