Tichtby it merkplein, oan de haadstrjitte fan Warkum, leit it pân Noard 5. De haadstrjitte fan Warkum bestiet út twa rigen huzen oan wjerskanten fan de Wijmerts, dy’t yn 1875 tichtgoaid is en ferbûn wie mei de Sudersee.
De bewennerskiednis fan it hûs is allinnich bekend fan 1749 ôf. De gevelstien jout lykwols oan dat it yn 1663 boud is.
Yn 1792 waard it hûs ferkocht oan Daniel Bonifatius de Haer, dy’t sûnt 1785 eigener wie fan buorpân Noard 3. Hy brûkte Noard 5 as koetshûs, stâl en tsjinstfeintenwenning, wat in grutte ferbouwing meibrocht. Oant 1933 waard it pân as koetshûs brûkt.
De gevel lit in opfallende kombinaasje sjen fan in trepgevel en in yndieling mei pilasters. De pilasters binne ryk fersierd mei byldhoude festoenen fan in byldhouwer út Ljouwert. Yn 1792 waarden grutte stâldoarren pleatst, dy’t by de restauraasje fan 1985 wer fuorthelle binne. De middelste pilasters waarden oanfolle mar net fersierd, sadat it ferskil tusken âld en nij sichtber bleau.
Oarspronklik lei efter de gevel it foarhûs mei oan de rjochterkant in kelderkeamer. Dêrefter in binnenherd en efterkeamer mei in gong. De skieding tusken de twa wenkeamers, beide mei in stookplak, waard foarme troch bedsteewanden oan wjerskanten.
Doe’t it pân troch Feriening Hendrick de Keyser oankocht waard, wie it foarste part ynrjochte as koetshûs en it efterste part as stâl mei in grup lâns de muorren. De flierbalken binne fan grienenhout en lizze op ienfâldich profilearre stikken. By de restauraasje waarden noch in soad resten fan tegellambrisearring fûn.
Yn 2015 waard de orizjinele bedsteewand út Noard 3 yn dit pân pleatst.
Foar mear ynformaasje, sjoch “Huizen in Nederland”, diel I Fryslân en Noard-Holland, s. 147-150 en it Jierferslach fan Feriening Hendrick de Keyser 97 (2015), s. 20.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland