Robynz Wonen & Lifestyle is fêstige yn Warkum oan de Merk yn trije monumintale pannen mei in poarte (yngong) en in binnentún mei feranda. Warkum is in wettersportstedsje (Elfstêdentocht) mei oan de iene kant de Iselmar en oan de oare kant de Fryske Marren, mei in soad histoaryske gebouwen en it bekende Jopie Huisman Museum dêr’t Robynz ambassadeur fan is.
20 jier lyn is Robynz begûn mei in fernijend wenkonsept mei folslein ynrjochte stylkeamers skildere yn de moaie matte muorverven fan Flamant. De winkel wie – en is noch hieltyd – in foarloper fan it hjoeddeiske wenjen. Yn de rin fan ’e jierren is de winkel allinne mar moaier wurden en biedt in breed oanbod oan meubelstikken, raamdekoraasje, wenaccessoires, bêd- & badlinnen fan bekende en (nije) ûnbekende merken. In protte meubels wurde ûnder eigen label produsearre mei in soad mooglikheden – en dus ûnderskiedend.
Yn 2010 is der klean en skuon tafoege oan it lifestylekonsept mei prachtige merken lykas 10days, Isla Ibiza, Amor Lola, Transfer, Metelan, PlusValue en foar skuon Moccio en Lanzami. Hoeden, shawls, sieraden en horloazjes fan Davis wiene al sûnt it begjin (1991) yn de winkel te finen, dus de oanfolling mei moaie klean en skuon past perfekt by it konsept.
Fan hûs út binne se by Robynz ynterieurûntwerper & stylist – dat is dúdlik te sjen yn de winkel. Besikers binne eltse kear fernuvere en ferrast troch de fernijings en bysûndere gearstalling fan de kolleksjes. Alle jierren wurdt der flink ynvestearre yn winkelútstrieling en kolleksjeynhâld. De styl fan Robynz is tiidleas, stoer, sober, chic mei in bytsje lânlik aksint.
It team fan Robynz is fakmjittich en goed oplaat en kin jo perfekt advisearje oangeande de ferbouwing en/of ynrjochting fan jo wenning of kantoar.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland