It Joadske begraafplak fan Warkum (gemeente Súdwest-Fryslân) is it âldste fan de Nederlânske provinsje Fryslân. It lân waard yn 1664 oankocht troch in David Salomons om himsels en syn famylje dêr te begroeven. Op it begraafplak binne seis grêfstiennen út de let-17e en begjin-18e iuw (1676, 1690, 1697, 1706 en 1714) bewarre bleaun. Dizze hearre ta de âldste Joadske grêfstiennen fan Nederlân. Sa fier bekend giet it yndie om de grêven fan David Salomons en syn famylje. Yn de jierren ’30 fan de 20e iuw waard it begraafplak ommuorre. Sûnt 1999 is it in ryksmonumint.
Yn 1832 krige it perseel de kadastrale oantsjutting Warkum A 1123.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland