Grutte of St. Gertrudistsjerke

De let-goatyske tsjerke fan Warkum ûntstie ein 15e iuw (1480) troch in koar oan de iennavige foargonger te bouwen. Wijd oan de hillige Gertrudis, dochter fan Pepyn de Alde. Koart dêrnei waarden ek dwersskippen boud. Om 1515 waard úteinset mei it hjoeddeiske trijeskippige sealtsjerke. Troch strideraasjes tusken de Skieringers en Fetkopers kamen stagnaasjes. Yn 1560 waard it westlike diel net ôfmakke. In sakristy, ek brûkt as Latynske skoalle, waard oan de súdwestkant boud.

De frijstjittende toer bleau ek net klear. Yn 1613 krige er in ui-foarmige koepel. Yn de toer hingje twa klokken, wêrfan yn 2007 in kloppel ôfbriek. It renêssânsekoarhek komt út 1569. De barokke preekstoel is fan 1718. Tjipke Visser makke byldhouwurk, wêrûnder in doopfont.

It oargel waard boud yn 1697 troch Jan Harmensz. Camp. It hat 19 registers en waard yn 1981 restaurearre troch Flentrop. De tsjerke hat ek in kabinetoargel út 1784.

Ynterieur: âlde grêfstiennen (út 1523), roukassen en skildere gildebieren út Warkum en Hylpen mei ôfbylden fan ambachten.

De tsjerke, sakristy en toer binne ryksmonuminten. Yn 2010 begûn in nije restauraasje fan dak en glês-yn-leadramen.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland