Fersetmonumint Warkum

Foarm en materiaal
It fersetmonumint yn Warkum (gemeente Súdwest-Fryslân) bestiet út trije abstrakte bylden fan wyt natuerstien. Elk byld stiet op in fuotstik. Op it middelste fuotstik is in plaquette oanbrocht.

Tekst
De tekst op de plaquette is:

‘ÚT UNDERDRUKKING
DE DURF OM TE FERSETSJEN
RJOCHTNEI DE FRIJHEID
TA NEITINS OAN DE WARKUMER FERSYTSSTRIDERS’.

Symboalyk
De trije bylden symbolisearje trije fazen fan it befrijingsproses: ‘Underdrukking’, ‘Ferset’ en ‘Frijheid’. De fersetstriders yn de Twadde Wrâldoarloch hawwe dit proses trochmakke: út ûnderdrukking hienen se de moed om harren te fersetten, op wei nei frijheid. It ferset stiet sintraal tusken ûnderdrukking en frijheid. Keunstneres Ruth Vulto Gaube hat bewust keazen foar in abstrakte foarmjouwing om dúdlik te meitsjen dat dit tema net allinnich giet oer in yndividueel lot yn in bepaalde tiid, mar oer prinsipes dy’t oeral en altyd jilde. Troch de konkreetheid fuort te litten, hat de byldegroep in universeel karakter krigen.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland