De Wrede Liuwen fan Warkum

Al iuwenlang wurde it stedswapen op ‘De Waach’ fan Warkum stipe troch twa liuwen. Se komme wat naïf oer en har teatrale hâlding bringt ús oan it laitsjen. Mar as fontein fan Warkum, stevich op ‘e grûn en grutter as libbensgrut, binne se gjin byfigueren mear, mar de haadrolspilers. Op ôfstân fan inoar spuitsje se no as fjochtsjende katten wetter nei inoar. “Sjoch nei Warkum,” lykje se ús ta te roppen. Want sûnder it wapenskyld jout de lege romte tusken harren yn ynienen sicht op de libbene werklikheid fan de stêd.

Duursum Accoya-hout, ferve, blêdgoud
3,5 meter heech
Ynspiraasjeboarne: de twa liuwen dy’t it stedswapen op de Waach stypje

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland