Blazerhaven

Neist de seeslûs yn Warkum fynst oan de iene kant skipswerf De Hoop en oan de oare kant de Blazerhaven. Dizze is yn 2008 groeven en foarmet tegearre mei De Hoop in histoarysk maritym kompleks om de âlde Suderseeslûs fan Warkum hinne.

Op de skipswerf kin men terjochte foar restauraasjes fan âlde skippen en al it timmerwurk dat by houten skippen heart. De Timmerschuur, dy’t by de werf heart, is de âldste fan syn soart yn West-Jeropa. De Blazerhaven fungearret as museumhaven mei tal fan seiljende, autentike fiskersskippen út de earste helte fan de foarige iuw.

Yn de haven leit ek in farrend monumint út 1909, nammentlik de Suderseebotter EB23. Mei dit iken houten fiskersskip fan it type Botter waard yn de earste helte fan de 20e iuw op de Sudersee fiske. No wurdt it brûkt foar de plesierfeart. It skip is troch de jierren hinne autentyk bleaun, wêrtroch’t it de offisjele lanlike status fan Farrend Monumint (RVEN nr. 500) krigen hat. It farren mei sa’n skip freget echte fiskerskrêft om de seilen te hisen en de swurden op te heljen. De restauraasjes binne de ôfrûne jierren útfierd by Skipswerf De Hoop yn Warkum. Yn de simmermoannen kinst mei de ‘Stifting ta Behear fan Historieske Fiskersskippen’ oan board gean om it aventoerlike fiskerslibben fan eartiids te belibjen.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland