WETTER, LÂN, LOFT en ……..BISTEN

6 okt

Eksposysje

Yn de Grutte – of St. Gertrudis tsjerke yn Warkum fan Jikkie Ruiter Postma

Al fan jongs ôf oan, mei ik graach tekenje. Letter ûntduts ik dat der ek oare techniken wiene sa as akwarel,  skilderje mei akryl of oaljeferve. Sa lear en ûntdek ik no noch altyd nije manieren fan skilderjen, sa as it ferwurkjen fan taal/wurden yn in skilderij.

Myn ynspiraasje doch ik foaral op yn de natoer.. It moaiste plakje yn Súdwest-Fryslân is de Warkumerwaard. Der ha ik faak west as bern doe’t myn heit der yn de skarren molk. Dêr krige ik each foar de natoer en bisten en seach ik hoe moai de wrâld is. No noch genietsje ik fan de romte, de stilte, de loften, de sweltsjes en de greidefûgels.

Yn de moaie âlde Grutte tsjerke fan Warkum mei ik no in eksposysje ynrjochtsje. Yn dizze eksposysje wol ik de bisten dy’t ik skildere ha sjen litte. Bisten sa’t se binne, mar ek bisten fan de kermis, dy’t op har sels al keunst binne.

Derby it moaie fan de natoer… wetter, loft en lân.

Ik hoop dat myn skilderijen minsken bewust meitsje fan al it moais wat der om ús hinne is op de wrâld.

Te sjen fan 5 augustus oant en mei 26 oktober ûnder de ‘kerkbezichtiging’ fan 13.30 oere oant 16.30 oere.