Presentaasje Blomlezing Fan Eeltsje Hettinga

17 apr

Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel ‘te pearde-te peerde’ dy’t hy gearstâlde nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing te pearde-te peerde’ gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. It boek wurdt útjûn troch Utjouwerij DeRyp en ferskynt boppedat as bysûndere útjefte fan kultureel tydskrift de Moanne.

De presintaasje fan de blomlêzing is op freed 14 april, de middeis om 15.30 oere yn kafee De Freonskip yn Blauhús, it earste eksimplaar wurdt útrikke oan fideokeunstner Lotte Middendorp.

Woansdei 19 april is der yn Ljouwert in twadde presintaasje yn kafee De Gouden Leeuw. It earste eksimplaar dêr wurdt útrikt oan skriuwer en wittenskipper Pieter Breuker.

Op beide plakken binne gastoptredens fan in tal Fryske skriuwers en dichters.

(Bron Friso)