Paul van Dijk lêst nij printeboek foar

23 nov

Op sneintemiddei 26 november lêst Paul van Dijk foar út syn nije printeboek ‘Omke Ûle sjocht stjerren’. Plak fan dit feestlik barren is ‘Op de Hoek van de stal’, Sud 154 yn Warkum.

Omke ûle wol hiel graach nei de romte. Neefke Eppy wit wol rie, hy bout foar omke in raket. Mar de raket docht net wat omke wol. Krekt as alles mislearret, komt der help út ûnferwachte hoeke. ‘Omke Ûle sjocht stjerren’ is in waarm ferhaal oer freonskip en it neijeien fan dyn dreamen. Foar bern fan 2 oant 6 jier.

Paul wurdt dizze middei begelaat troch Jurjen Faber op gitaar. It earste eksimplear sil oerlange wurde en fansels is it boek dizze middei ek te keap. Der is de mooglikheid om it boek sinjeare te litten, kinst op de foto mei omke ûle én der is in leuk nifelopdrachtje te dwaan. De middei begjint om 14.00 oere en sil oant 15.00 oere duorje.