Nei oanlieding fan de adfertinsje yn de Friso fan ferline wike fan Sietze Oosterhaven (wa kin him net) hjirby de tekst fan in liet dat ik (Hille Faber, red.) oer him makke haw yn maart 2023.
De muzyk is fan Jos de Vries fan Akkrum.
Titel fan it liet: Ballade fan Sietze Oosterhaven
De muzyk is te beharkjen op YouTube troch yn te typen Jarje Sietze Oosterhaven
Sietze Oosterhaven
In Oosterhaven yn ‘e stêd
dan bart der altyd wat…
In Oosterhaven op ‘n, paad
ja wyt dat wurdt d’an swart.
In Oosterhaven op ‘e Merk
dan laket eltsenien
In Oosterhaven op it Noard
dan hearsto gjin geskriem.
Refr.
Troch reek omwuolle
en jiske op it jak
de bûsdoek út ‘e bûse
ja dit is Sietze’s plak.
Ja dit is Sietze’s plak.
En sit ‘r op ’e praatstoel
dan is der grif wer nijs
en is er oan ’e kuier
dan giet er nei de Poiesz
Is Oosterhaven by de feart
hy sjocht it spul wat oan
Is Oosterhaven op ’t terras
in bokje yn ’e hân.
Refr.
By simmers yn ’e gleonens
syn pilske frijwat lij
By winters yn ‘e kjeld
in kâlden heart derby.
In Oosterhaven yn ‘e saak
it rokersguod is op!
Is Oosterhaven yn ‘e hûs
dan sit er oan it sop!
Refr.
(Bron Friso)