Yn 840 dagen fytste Marica van der Meer út Warkum om de wrâld. Snein kaam se oan yn Fryslân, dêr’t se opwachte waard troch famylje, freonen en fans dy’t har folgen op har reis mei freon Chepe Ruiz.

In lyts komitee stiet ûngeduldich te wachtsjen oant de boat mei meast deitoeristen oanlein hat. Dêr binne se dan, Marica en Chepe, twa jier neidat se yn Warkum úteinsetten.
Marica lit har fyts earst stean en sprint de boat ôf nei har mem en oare famylje. Se is wer thús. Hast dan: de lêste 20 kilometer giet it yn optocht nei Warkum, dêr’t alwer minsken steane te wachtsjen.

Hetty en Erik Luppes út Hoogeveen steane der ek. Sy hienen de wrâldfytsers goed twa jier lyn oer de flier op de twadde dei fan harren wrâldreis. Foar Chepe kochten se noch in helm by de fytswinkel yn it doarp.
De wrâld oer sûnder beskerming op ‘e holle. It like harren net goed ta.
Op YouTube, Facebook en Polarsteps seagen se dat Chepe de helm hast altyd op hie en fan de weromstuit die Marica har helm ek faker op. Gelokkich mar, want yn Panama makke se in rare smakkert: de skouderbonke en acht ribben stikken, mar de holle wie noch hiel.
It ûngemak koste har ekstra tiid. Eins woe se yn juny thús wêze, foar de jierdei fan har mem, mar dat soe no net mear slagje.
De deadline joech har stress en soarge der faaks ek foar dat se dy ôfdaling yn Panama krekt wat flugger ôflei as ferstannich wie, wêrtroch’t se úteinlik yn it sikehûs bedarre. Nei in operaasje fan fiif oeren en in refalidaasje fan trije moanne koe se wer fierder fytse.

Marica hat yn har libben al 120.000 kilometer op de fyts ôflein. Al 20 jier makket se fiere reizen dy’t se fêstleit yn foto’s en boeken en dêr’t se oer fertelt yn lêzingen.
Dizze kear woe se in rûntsje om de wrâld ôflizze: goed 38.000 kilometer. De reis gie troch 37 lannen: fan Europa, nei Azië, Súd-Amearika, Afrika wer werom nei Fryslân.
De fyts, dochs al 20 jier âld, hâlde ‘m goed – “salang ast de rotearjende ûnderdielen mar op ‘e tiid ferfangst” – en ek fysyk gie it, op it ûngemak nei dan, sa bêst as wat.
It measte lest hie se fan de burokrasy, fertelde se earder oan it echtpear Luppes, dy’t self ek aktyf binne op ynternet as de Drentse Fietsers.

Dat Marica en Chepe net út itselde lân komme, makke it bytiden ekstra dreech. Sa koe Marica Ruslân wol yn, mar net út fytse. Se moast it fleantúch pakke.
Chepe, dy’t út El Salvador komt, kaam Sina wer net yn en ek in fisum foar Marokko mislearre foar him.
De negative ûnderfiningen wurde lykwols rom goedmakke troch alle waarmte en gastfrijheid dy’t se ûnderweis meimakken. Yn Oezbekistan krigen se oeral dêr’t se kamen iten tastoppe.
“Op in stuit sei ik sei tsjin Chepe: trochfytse, dêr is wer in meloenekream en wy ha al trije yn de fytstas.”
Underweis sliepten se by minsken yn de tún, of yn it hûs en yn Mongolië oernachten se yn yurts, dêr’t se mei kowe-aaien de kachel baarnende hâlden en iten siede koenen.
Jûns kamen der allegear minsken binnen rinnen. “Wy wienen it entertainment fan ‘e jûn”, fertelde se yn it ynterview fan de Drentse Fietsers.
Werom komme yn Fryslân fielt in bytsje dûbeld, jout Marica ta. “Ik fyn it hiel moai om myn famylje en freonen wer te sjen, mar tagelyk wol ik net dat it foarby is.”
Hoewol’t se fan tefoaren sein hat dat dizze reis de lêste wêze soe, slút se net út dat se yn de takomst wer ris op de fyts stapt.
“Lêst seach ik foto’s foarbykommen fan ien dy’t Pakistan trochfytst. Doe hie ik sa yts fan: hmmm, faaks gean ik noch in kear. Net sa lang, mar dat ik earne hinne flean en dan in rûntsje meitsje fan in moanne of twa.”
(Bron Omrop Fryslan, foto’s Omrop Fryslan en eigen foto’s)