NIJHUZUM-Gerben Rypma (1878-1963) hat net allinnich skildere en dichte mar ek mear as 450 siswizen skrean en sammele mei as titel ‘Siedkerlen’.
Komponist Feike van Tuinen hat ‘r sechstjin op muzyk setten. Sa as: ‘Set in kikkert yn ‘e stoel – Hy springt wer yn e poel’ of ‘In hastich minske moat op in ezel ride’.
Midsimmerjûn op 6 july
Se wurde sneon 6 july jûns 20.00 oere songen troch bariton Ben Brunt mei pianiste Saskia Zoet; ôfwiksele troch ferteller Douwe Kootstra dy’t mei ferhalen Gerben Rypma ta libben bringt.
It poadium leit yn ‘e greide by de Klompepleats op Nijhuzum, by min waar is it yn de golle fan de pleats.
Programma en oanmelde sjoch www.gerbenrypma.nl
(Bron Groot Bolsward-IJsselmeerkust)