Hea! Skippen, stront en moaie minsken in Workum op de haven

22 dec

De HEA!-caravan is ôfreizge nei de strontwike yn Warkum. Der stappe ferskate minsken binnen mei moaie ferhalen en tips.

It is tige drok yn de stêd en der is in grut ferskaat oan aktiviteiten te dwaan en te sjen. Neffens de kenners wenje der allegear nijsgjirrige minsken yn Warkum en passe se goed op elkoar. Dat fernimt Cornelie fan der Ploeg seker nei it ferstjerren fan har man Reid de Jong. Hy hat de strontrace yn Warkum ea opset.

Yn de haven leit Floor út hoe’t de strontrace ferrinne sil en Rob Visser docht in moaie oprop oan elkenien om in kaartsje te stjoeren nei in goede freon fan him dy’t yn it sikehûs leit.

Volg de link naar het filmpje:

https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16947728/hea-skippen-stront-en-moaie-minsken?fbclid=IwY2xjawGOGbRleHRuA2FlbQIxMQABHT5ZlFBCRVvi4pwT9GS8tged8eQDJJrrsSWkk7WuiB2I9S1JBB5lXQW1Aw_aem_kgDJ2jKs4RSHndBY4d8DUQ

Bron: