Dit jier fiert ús tsjerkegebou syn 140-jierrich bestean. Op 8 desimber 1886 waard it as “locaal” ynwije troch ds. Johannes Gerardus Bruining fan Warkum. Miskien is it aardich om hjir elke wike in âlde foto te pleatsen, sis mar fan foar it jier 2000, dêr’t ús tsjerke op stiet (tichtby of fier fuort, fan binnen of fan bûten).
Dizze kear in foto út de jierren ’30. It komt út de fotokolleksje fan Aaltje Westerbaan (1895-1974) of haar suster Akke Bouma-Westerbaan (1892-1988). De fotokolleksje en wat oare papieren binne sa’n 20 jier lyn yn de omkriten fan de Hommerts út it âld papier rêden.
Op de foto stean trije foar ús ûnbekende famkes. Lofts fan harren de tsjerke en rjochts fan harren yn ‘e fierte de yn 1921 boude School met den Bijbel. De famkes moatte foar it hjoeddeistige doarpshûs It Swaeigat (Brânburren 26) stien hawwe. Aaltsje wenne dêr nêst (Brânburren 28).
Ha jo in foto fan de Heidenskipster tsjerke yn jo fotokolleksje? Mail naar: ScribaPGHeidenskip@outlook.com