Fryske oersetting John Steinbeck   

5 nov

John Steinbeck (1902-1968) is ien fan de grutste Amerikaanske skriuwers fan de 20eiuw. ‘Oer mûzen en mannen’ kaam út yn 1937 en troch dat boek rekke Steinbeck fuortendaliks wrâldferneamd. Jan Pieter Dykstra Hzn. fan Warkum is de oersetter fan dit boek, it is syn twadde oersetting fan in roman fan John Steinbeck.

Yn 2019 ferskynde by útjouwerij DeRyp de oersetting fan it boek ‘Cannery Row’ (Blikbuert). Dizze earste oersetting is skjin útferkocht. Dykstra is op dit stuit dwaande mei it oersetten fan in roman fan F. Springer, ‘Met stille trom’, en yn de tuskentiid hat er him ek noch dwaande holden mei it boek oer de keunstner Klaas Werumeus Buning.

De presintaasje fan ‘Oer mûzen en minsken’ fynt plak op snein 6 novimber om 15.30 oere yn it tsjerkje op Brânbuorren 18 yn It Heidenskip. Wolle jo dizze presintaasje bywenje dan kin dat, graach opjaan by info@utjouwerij-deryp.nl

(Bron Friso)