Kultuerhús Klameare

Kultuerhús Klameare is in kultureel moetingssintrum, fêstige yn it âlde gemeentehûs fan Warkum. De Klameare hat alle dagen in soad besikers.

Jo kinne hjir fan alles terjochte: kursussen pottenbakkerij en skilderjen, ferskate workshops en opliedings, muzyk- en teaterlessen, dûns-, muzyk- en kabaretfoarstellings en noch folle mear. Ferskate klups hawwe harren thús yn de Klameare, lykas 4 koaren, de Warkumer brassband Crescendo, de skaak- en damklup, 2 biljertklups en de breiklup. De 3 frouljusferienings hâlde harren gearkomsten foar leden yn de Klameare en Pleatslik Belang is in trouwe besiker fan de Klameare troch alle gearkomsten mei ús te hâlden.

Der binne geregeld grutte eveneminten yn Klameare: fan brulloften oant begraffenissen en fan konferinsjes oant grutte feesten. Betink de jierlikse Rock & amp; Leuke jûn op 30 desimber en de Strontrace-priisútrikking yn de hjerstfakânsje.

Wy jouwe keunstners út Warkum en omkriten de kâns om op de ûnderferdjipping fan it gebou te eksposearjen. It resultaat is in ferskaat oan tentoanstellingen it hiele jier troch.

De Bibleteek stiet yn it neistlizzende âlde part fan it gemeentehûs en de foyer fan de Klameare docht ek tsjinst as lêskafee fan de biblioteek.

Kultuerhús Klameare
Merk 1 (ingang Begine)
8711 CL Workum
info@klameare-workum.nl
tel. 0611801385

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland