It Jopie Huisman Museum yn Warkum is wijd oan it wurk en de filosofy fan de Fryske keunstner Jopie Huisman (1922–2000). Hy wie in bejeftige skilder, tekenaar en akwarellist, in natuertalint en in natuermins. Syn tagonklike libbensfizy, basearre op de kearntema’s natuer, duorsumens en meilibjen, brocht er op in filosofyske, mar tagelyk koarte en nuchtere wize oer. Dizze kombinaasje makket Jopie ta in ikoanyske figuer, dy’t ek tsientallen jierren nei syn dea noch altyd populêr is. Syn museum lûkt dêrtroch noch altyd in soad besikers en is in wichtige kulturele en ekonomyske faktor foar Warkum en de provinsje Fryslân.
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland