Skipswerf ‘De Hoop’, in begryp yn Warkum en fier dêr bûten. Al mear as trijehûndert jier fêstige neist de slûs. It bestjoer fan de werf rjochtet him op it behâld fan de gebouwen en it terrein en stribbet dernei om it âlde ambacht fan skipsbouwer yn stân te hâlden. Op dizze webside fine jo ynformaasje oer de werf: de takomst, de wurksumheden, de restauraasjeplannen en algemien wat de werf jo te bieden hat.
Oant koartlyn waard dizze webside beheard troch de werfmasters. Yn it neijier fan 2020 hie de werf gjin werfmaster mear en dêrom hat de stifting it behear oernommen. Wy hâlde jo fansels op de hichte oer de oanstelling fan in nije werfmaster. Sa no en dan pleatse wy artikels oer klassike skipsbou yn it algemien en oer de skiednis fan de werf yn it bysûnder. Wy winskje jo in soad lês- en sjochplezier.
Stifting ‘Zwolsmans Skipswerf De Hoop’
VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum
Tel.: 0515-541231
Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland