Ruth Vulto Gaube – Byldhouwster

Ruth Vulto Gaube is al 35 jier selsstannich byldhouwster. Har bylden fan stien, hout en brûns binne te sjen op eksposysjes yn binnen- en bûtenlân en yn de iepenbiere romte. Sa hat se ek it Fersetmonumint fan Warkum ûntwurpen en útwurke yn it ramt fan in bysûnder projekt ta neitins oan de Warkumer fersetstriders út de Twadde Wrâldoarloch. Oan de stiennen hawwe 250 bern fan de trije Warkumer basisskoallen meiwurke. Wolkom om kennis te meitsjen mei Ruth Vulto Gaube of de bylden yn har wurkpleats te besjen; meitsje dan in ôfspraak fia telefoan of mail. It is ek mooglik om in byld yn opdracht meitsje te litten.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland