Fjirde printinge “TSJILP”

25 feb

It wie yn 2017 dat by útjouwerij DeRyp it printeboek ‘Tsjilp’ útkaam fan Eppie Dam en Lienke Boot, beiden út Sleat. Yn it boek stean 25 fûgelgedichten skrean troch skriuwer Eppie Dam, de lino’s by de gedichten binne fan Lienke Boot.

It boek is bedoeld foar ‘grutte en lytse protters’ m.o.w. it is in boek foar eltsenien dy’t hâldt fan fûgels en fan hiele moaije printen. Wa hie tinke kinnen dat der sa’n flecht op’e koai wêze soe foar dit boek, yn maaije 2017 wie der fuort en daliks al in twadde printinge. Yn 2020 ferskynde it boek yn in Nederlânsktaliche oersetting mei as titel ‘TJILP’, oerset troch Eppie Dam sels. Yn 2021 krige it boek in ynternasjonale berneboekepriis (IBBY), útrikke yn Moskou troch IBBY president Zhang Mingzhou. Yn it ferslach fan de IBBY jury stie it folgjende: ‘’Tsjilp” is a beautifully designed book containing twnty-five bird poems, accompanied by illustrations and the bird names in different languages.

En dan no, begjin 2026, is der de fjirde printinge en wurdt it boek noch hieltiid ferkocht by û.o. boekhús Stumpel te Warkum, boekhannel Muizelaar te Koudum en de Bruna yn Balk. “TSJILP” is in berneboek om wiis op te wêzen mar ek noflik om te lêzen.

(Bron Friso)