Op freedtejûn 21 novimber wie op Brânbuoren op trije lokaasjes de jierlikse Ferhalejûn. Rûnom fûn op dat momint troch hiel Fryslân dizze aktiviteit plak. It tal besikers yn It Heidenskip wie goed en bemoedigjend, om mei dit barren troch te gean yn ús omkriten. Der wiene in njoggental fertellers dy’t ferskate saken by de kop hiene oer it tema Dapper.
Yn it Swaeigat fertelde Roelof van der Werff oer it berop fan de boatsjebouwers út dizze omkriten. It feit dat se harren dwaande holden mei houten skippen wie moedfol. Der waard ek songen yn it Swaeigat, yn in lytse fiif minuten hiene Jos en Hille de hiele seal, ‘Mannen fan Sleat, stean op it is dei’, yn kanon oant sjongen. Marije Sennema fan Gryptsjerk fertelde oer ‘Paula en de weirekke spegel’, in printeboek dat hja skreaun oer Paula Modesohn Becker, in ferhaal dat him ôfspilet op it Dútske Waadeilân Aamrung.
Yn de PKN tsjerke lies Thys Wadman inkelde ferhalen foar út syn boeken dy’t er skreaun hat foar de wat âldere bern. Gerrit Twynstra hie mei bylden in nijsgjirrich ferhaal oer Wettersneed ramp fan 1825. Ytsje Bonekamp hat dúdlik makke hoe’t har famylje út Oerissel (Overijssel) wei telâne kommen is yn Fryslân. (Blauhús).
Op de fierste lokaasje, by Trynsje en Siebe yn’e hûs (tsjerkje), wie it noflik sitten by de hearlik baarnende kachel. Ytsje Hettinga fertelde oer in muoike dy’t foar har tiid al tige emansipearre wie. Se wurke op tal plakken yn de psychiatry en waard troch de sinding yn 1957 útstjoerd nei Nij Guinea. Ysbrand Galama hie in spannend ferhaal oer in kuiertocht yn Patagonia dy’t hiel ferfelend ôfrinne kinnen hie, mar dy’t lokkigernôch goed betearde. Remco Kuiper, wie dêr de dichter yn it selskip, hy wist op ynkringende wize syn gedichten foar it fuotljocht te bringen, wêrfan guon út syn krekt ferskynde bondel Grûnwetter kamen.
Tsjin tsienen siet dizze gesellige en noflike jûn yn It Heidenskip derop en waard noch lang yn It Swaeigat neipraat. Konklúzje: soks kin wol wer ris, it smakket nei mear.
(Bron Friso) (op de foto Ysbrand Galema op reis nei Patagonia)