Fékeuring troch de jierren hinne: It ferhaal fan Henk Dykstra

21 sep

Sa oan de foarjûn fan 125 jier Keuringsdei wol ik noch graech ris eefkes tebek sjen op de grutte jubileumkeuring yn 2000, foar my dochs wol it absolute hichtepunt yn 27 jier kommisjelidmaatskip. Yn it jubileum magazine wat ynkoarten ferskine sil, ha ik al wiidweidweidich myn ferhaal optekene oer hoe’t ik ea yn it romrofte selsskip fan de ‘Veekeuringscommissie’ te lâne kaam bin. Hjir wol ik noch graech ris oanjaan hoe bysûnder dat jubileum en alles wat we doe belibbe ha meielkoar, ta stân kaam.

As ynstelde jubileumkommisje (Lambertus Brandsma, Luitzen Stellingwerff, Jacob Stellingwerff, Durk Ybema, Mieke During (Gem. Nijefurd) en myn persoan, hiene we al ryklik rap 5 eleminten dy’t oan bod komme moasten: De keuring op de dei sels, in útstalling yn de Waech, in resepsje, in jubileum revu en as slachrjemme op de taart: de útjêfte fan in noch te skriuwen jubileumboek. It is foar my noch altyd in grut mistearje hoe’t myn broer Jan Pieter Dykstra, dy’t we frege hiene om dy útdaging stâl te jaan, dat doe yn rekôr tiid dochs foarelkoar krige. It wie omtrint in heidens kerwei, mar yntusken in standerdwurk foar elk dy’t him belutsen en ferbûn fielt mei ús ûnike en ûnmisbere Warkumer heechtij dei. De útrikking fan dat boek yn de Bistro de Waech op de Merk, wie hiel bysûnder, sjoen de somtiden emosjonele sfear dy’t yn de rin fan dy jûn ûntstie. In grôtfolle seal mei minsken wiene tsûge fan de útrikking fan it earste boek oan de widdow Ypie Bakker dy’t mei alle bern yn de seal oanwezich wiene. Dit as earbetoan foar de grutte bestjutting fan har man Jeep Bakker foar Keuringsdei. De skriuwer Jan Pieter Dykstra en syn Piety waarden yn it sintsje set en waard in skitterend, troch Freerk Kunst makke, tegeltableu oanbean, foarstellende ús heit mei syn modelmerje Gonny foar de seas.

Yn in net oankundige yntermezzo fan Plaatselijk Belang foarsitter Yvo Flapper waard oan in omtrint ferbjustere Jan Pieter de Arij Gaastra priis útrikt, as wurdearring foar syn krewaerjen foar Keuringsdei en it boek! De gastskriuwers yn it boek Reimer Strikwerda, oer de kij, A.K.W. Douma oer de rol fan Warkum yn de fokkerij fan Fryske Hynders en de legendaryske Ulco fan Klaas Postma en Kamphuis oer it konkoers, waarden betanke, sa ek Jeroen Kemker, Henk Hunia fan Hunia’s Drukkerij, de húsdrukker fan de kommisje en last but not least Thijs de Vries foar de foarmjouwing.

De 1000 boeken blykten neitiid as waarme broadsjes oer de toanbank te gean en foarmen mei dertroch in moaie finansjele opstekker foar it jubileum. De publikaasjes fan Jan Pieter yn de Friso oer tal fan historyske feitsjes oangeande fokkerij, bysûnder bisten of minsken, ûnder de namme Sturtswylje, waard letter ek noch yn in beskieden boekwurkje útjûn. De opbringst der fan waard skonken oan de R.K. parochie foar de restauraasje fan harren tsjerke. De folsleine kommisje belibbe dy 100ste keuring mei it moaiste kado wat je as jubilaris krije kinne: skitterend waar, in protte folk yn hiel feestelik Warkum, in sprankelende kampioen bij de kij fan Maatskip Kuipers, mei de útlânske namme Dolde, krige de kampioenssjerp útrikt troch earegast commissaris fan de Keninginne Ed Nijpels en boargemaster Boekhoven. Foar alle kampioenen en rubryks winners wiene noch skitterende sulveren leppels beskikber, oanbean troch Henk en Voke Gorter, een geweldiche geste dy’t tige wurdearre waard.


Middels wie it op de Wimerts ek smoardrok en koene we genietsje fan de túchhynders dy’t rûnom út hiel Nederlân harren opwachting makken op de klinkerts fan it Sûd. De Sulveren Swipe, beskikber by de Fryske twaspannen, komt telâne yn Nes ûnder Akkrum by Bauke de Boer mei syn kampioensspan Markus en Jippe. Oanbean troch boargemaster Boekhoven. Jûns tradysjoneel it fjoerwurk ta beslût fan dizze skitterend en bjusterbaarlike ûnike warkumer feestdei.


Oan it ein fan dy jubileum wike kamen dan ek nochris wer 500-600 minsken om te genietsjen fan de jubileum revu yn de sporthal. Dit spektakel makke en betocht en yn rezjy fan Ytsje Hettinga, Koudum en Titus Hettinga fan Boalsert, besoarge de besikers tal fan werkenbere sitewaasjes út en oer de rike histoarje ús fan Keuringsdei. De firma Koopal traktearre noch op oaljebollen en sa wie it feest folslein oant yn de lytse oerkes. Al mei al in fantastyske en ûnferjitlike wike, nochris oprjocht tankewol oan elk dy’t op hokker wize dan ek, hjiroan meiwurke hat, sawol foar as efter de skermen.

Fleurich famyljekykje op keuringsdei 1955: Heit en mem Dykstra mei Hennie en Henk.

Utrikking earste jubileumboek oan widdo Ypie Bakker (2000)

Henk Dykstra in 2016 mei lintendames Marije Miedema en Yske Bakker

(Bron Friso)