Feekeuring troch de jierren hinne: It ferhaal fan Sjerp Blom

22 sep

Wat makket keuringsdei foar jo sa bysûnder?
Der wiene altyd twa topdagen yn it jier: de Feekeuring en de Paasfeekeuring. Wy libben der hielendal nei ta. It is gewoan reklame, it bêste fleis – dêr gong it om. Do woest graach earste wurde. It begûn al fan jongs ôf oan, ik wie de fyfde generaasje. As jonge socht ik mei myn heit de bêste kij út foar de feekeuring. Wy hiene fee ta oanklaaiïng, en wy mochten derby stean.

Ik wit noch in momint dat my altyd bybleaun is. It wie 1988, Nederlân waard doe Europees kampioen fuotbal. Wy wiene op fakânsje nei Knokke bij België,  de tunnel wie der doe noch net. Wy gongen mei de boat oer fan Vlissingen nei Breskens. By Groede sei ik tsjin Ginie: “Dêr rinne prachtige bisten, dêr moatte wy hinne.” De eigener woe se net kwyt, mar ik sei: “Ik kom yn septimber wer.” Wy der dus wer hinne, en doe ha ik dat bist kocht. Mei de fee-auto ha ik de ko mei werom nommen. Mei dy ko waard ik kampioen.
Foar ús is de feekeuring echt in famyljetradysje.

Wat is foar jo it moaiste momint of ûnderdiel fan de dei?
Wy hiene wol in stik as tsien oant tolve kij, dy moasten hielendal skjinmakke wurde ensfh. Dêrnei woest wol op bêd, by de hynders wiene wy útteld. Wy hawwe foar it lêst meidien yn 2006/2007, doe kamen der ek oare regeljouwingen. Wy binne gjin boeren, dus wy moasten alles sels regelje. Mar wy holden de tradysje yn eare, wy wiene ek altyd in publykstrekker hjir.

Wat soene jo de jonge generaasjes meijaan oer dizze tradysje?
Sjoch, de kosten hjoed-de-dei rinne út ’e hân. It ferfier mei de auto derhinne, de minsken dy’t deroan meidwaan, dy wurde der net better fan. Do moatst echt in hobbyist wêze. Mar dat moatte wy mei-inoar yn stân hâlde. Der moatte wol entûsjaste minsken bliuwe, oars stjert it út. De burger hat gjin idee hoefolle wurk der efter sit, hy sjocht allinnich mar it resultaat op de merk. Dêrom is it wichtich dat dit beholden bliuwt.
De feekeuring is in moai moetingsplak foar in soad minsken.

Hawwe jo noch in anekdoate of grappich momint dat altyd by bleaun is?
Ginie: “It wie altyd moai.” (Mar it moaiste? Dat kinne wy eins net sizze, it wie altyd moai!
Sjerp: “Der wie ûnderling altyd striid.”
Ginie: “Dêr hâld ik net fan.”
Sjerp: ‘’Myn heit sei altyd: “Myn ko is de bêste.” En as dat net sa wie, dan hie de jury der gjin ferstân fan. Ik hie dat sels net, mar wy woenen wol altyd winne.

Wat betsjut it jubileum fan 125 jier foar jo persoanlik?
No, foar my persoanlik net sa folle. Ik bin der no net mear by belutsen, mar wy fûnen it altyd prachtich. Nei de tiid hiene wy altyd in feestje, de famylje kaam del en dan gongen wy oan de borrel. Wy hawwe in tige geselliche tiid hân.

1999: tolve dikbillen neist elkoar, Sjerp Blom yn’e wyte jas.

2000: Sjerp Blom

1938: Dit weine fjouwer broers, die stiengen foar de winkel. Dit binne Willem, Meyer, Rein en Jurre.

Wiebe Visser: dat wie in buorjonge fan de winkel. Derneist stiet Eeltje Dooper. Toen wie de keuring op de Daltewal.

1950: dat is Heit Blom, Bennie Wesselius, Siebe Haagsma.