D.A. Tammingapriis foar Paul van Dijk

23 nov

De D.A. Tammingapriis foar poëzijdebuten is foar Paul van Dijk en syn bondel Famke fan snie .

Famke fan snie , de debútbondel fan Paul van Dijk, giet oer it ferlies fan in lyts, tear famke. ‘Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit de dichter de lêzer mei te nimmen. Wat de bondel neffens de sjuery ek bysûnder makket is dat de dichter troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst syn wurk ferknopet mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters en sa wat fan har geast yn syn tekst bringt.’

Dat seit de sjuery (Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar) oer dizze priiswinnende bondel. Paul van Dijk (1981) is learaar Ingelsk, wûn twa kear in Rely Jorritsmapriis foar in fers. Hy makket ek berneboeken, is yllustrator, muzikant en teätermakker.

De D.A. Tammingapriis, fer-neamd nei dichter Douwe Tamminga, wurdt sûnt 2014 útrikt foar in literêr Frysktalich debút, om bar proaza en poëzij. As de rispinge te lyts is, wat al twa kear it gefal wie, wurdt de priis net útrikt. Diszkears hie de sjuery de kar út tolve poëzijdebuten dy’t sûnt 2017 ferskynd binne.

Dizze priis is ynsteld troch it Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum, neidat de provinsjale Fedde Schurerpriis foar debuten ferdwûn. Der hinget 3000 euro oan fêst. De priis wurdt op 10 juni útrikt.

(Bron LC)