Boekpresintaasje Bern op ’e romte

19 jun

Ofrûne sneontemiddei 9 juny wie de boekpresintaasje fan Klaas Ybema syn nije boek ‘Bern op ’e romte’ yn de tsjerke fan Skettens. It wie smûk sitten yn de tsjerke want bûten wie it kâld, der stie in kâlde wyn en der wiene driigjende loften. Neffens waarman Klaas Ybema wie it moai jierren sechstich waar, hiel tapaslik foar syn boek oer Pankoeken. By it binnen kommen wie der muzyk fan it kwartet Zarabanda (fjouwer froulju wêrunder Klaas syn frou Wypkjen Dykstra). Tusken alle plechtigheden dy middeis soargen hja foar de muzikale bydrage foar dizze middei en der moat sein wurde: hja diene dat treflik.

Om goed trije oere koe Jelle v.d. Meulen fan útjouwerij DeRyp in lytse 90 minsken (de tsjerke wie sa goed as fol) wolkom hjitte. It publyk bestie foar in part út femylje, âld buorlju, boekskriuwers, minsken út it ûnderwiis (kollega’s), fansels wiene der ek ynwenners fan Skettens en Wytmarsum, boekstipers en stikelstekkers. Jelle v.d. Meulen makke dúdlik dat dit boek fan Ybema gjin ferhaaltsjeskriuwerij wie, mar hearde ta de literatuer. Hy sei ta dat er hjir op weromkomme soe, sadwaande wachtsje wy de nijste brek mar moai ôf.

Doe wie Henk Dijkstra oan bar, nee net de Warkumer H.D. mar de âld direkteur fan it Frysk Lanbouwmuseum te Goutum. Dijkstra hat yn it koart ferslach dien oer de ûntwikkeling fan de lânbouw yn de jierren (50/60), it tiidrek dêr’t Klaas Ybema syn boek oer giet. Wolno, dy feroaring hat yn dy 25 jier nea sa grut west as doe, it wie de tiid fan Mansholt. Dat wat dat oangiet is it boek ‘Bern op ’e romte’ fan ûnskatbere wearde om’t we yn dat boek op ’e drompel stean fan dy omslach yn de agraryske sektor.

Doe wie it wurd oan de skriuwer sels. Klaas Ybema fertelde dat er in earlik byld sketse woe fan it libben as bern op in pleats op de romte. It is sa sei er “Sa’t ik it sels belibbe ha.”

Doe lies er it hilaryske ferhaal ‘Ite’ foar. It die bliken dat Klaas in goed ferhaal op papier sette kin, mar syn foardracht is ek tige by tige. Wy wiene ta oan de útrikking fan it earste boek en dat wie foar Klaas syn earste pakesizzer Hester. It boek waard oerlange oan soan Jan Ybema mei de opdracht om der út foar te lêzen. It antwurd fan soan Jan wie treflik: Pake soe der skylk ek sels moai út foarlêze kinne. Dit wie in oangripend momint dizze middei.

Nei in protte tankwurden en it besykjen fan de útjouwer (Hille Faber) om Klaas te ferlieden ta nije újeftes (fansels net sa mâl as bygelyks ‘De zeven zussen’) wie it ta oan rom sitte yn it doarpshús mei kofje en gebak. En dêr is tankber gebrûk fan makke.

(Bron Friso)