Boekpresentatie: ‘Wat stiller wat better’

22 sep

Op snein 24 septimber o.s. is de presentaasje fan de Fryske oersetting fan F. Springer syn boek ‘Met stille trom’.  Dit fynt plak yn it tsjerkje fan it Heidenskip, Brânbuorren 18.

 ‘Yn 1962 wie it dien mei de Nederlânske oerhearsking op Nij Guinea’, sa waard yn 1963 ‘Met stille trom’ oankundige. Dit boek dat Springer skreau nei syn weromkommen út Nij Guinea, dêr’t er fjouwer jier as bestjoersamtner wurke hie. Flak foar de publikaasje hat er it manuskript werom lutsen…

Yn it jier fan syn ferstjerren (2011) hat Springer it manuskript bewurke en sa ferkynde it yn 2012. Jan Pieter Dykstra Hzn. hat de oersetting fan ‘Met stille trom’, mei as titel ‘Wat stiller wat better’ yn ’e hjerst fan 2022 foar korreksje ynlevere. Begjin 2023 is hy ferstoarn en no wurdt dizze oersetting presintearre.

It barren yn it Heidenskip begjint om 15.00 oere, in soan fan F. Springer sil it ien en oar fertelle oer de tiid dat syn femylje yn Nij Guinea wie. Opjaan foar dizze nijsgjirrige middei yn it Heidenskip kin fia info@utjouwerij-deryp.nl.

(Bron Friso)