Veteranen op het voetbalveld

Op het strân nu camping it Soal

  1. Mem, ik foun by us op souder
    In foto fan in hiel aid hûs
    Dy is fêst fan foar de oarloch
    ‘ k Sjoch dêr beammen by de rus
  2. Jonkjé, hwat is dat nou aerdich
    Dat printsje wie ik jierren kwyt
    Ja, de sted is gans foroare
    Warkum wie doe noch mar lyts
  3. Sjoch, dêr op dy skiere foto
    Stiet in mantsje mei in bóllekoer.
    Jonge, dat ‘s dyn alde pake
    Dy wenne, miend’ ik, by de toer.
  4. Dy toer hwer’t jo it nou oer hawwe
    Dat is ek in great skandael
    Al in pear jier yn ‘e “steigers”•
    Foar in monumint is gjin kaptael.
  5. Noard en Sud aenst op ‘e skeppe
    ‘k Sit der dochs wol hwat oer yn
    ‘k Tink to faek oan de Begine:
    Jarrekolken mei in beam der yn,
  6. En de alde ligersbolle,
    Mem, is dy der nou noch wol?
    Jonge ja, dy ha hja, leau’k, forgetten
    Hwant it giet hjir oars mar mal
  7. En wer binn’ us giele klinkerts?
    Ut Pilesteech en by de Waech
    Freget min Gemeentewurken,
    Krije jo gjin antwurd op jou fraech!!
  8. ‘k Miende oars soks is biskerme
    Mar dat is dus flaue kul!!
    Al dy amtenaren hjirre
    Ha deroer gjin flau binul
  9. Nou is min wol wakker dwaende:
    Hjir en dêr in uthingboerd
    Eins kin ik der wol om gûle:
    Al forgriemd wurdt nea wer goed!!
  10. ‘k Sjoch Us noch by ‘t hofkesjongen
    Yn de tun fan Jukema
    Aensens wurdt dat hûs ek platgoaid
    In Super Boer wol dat miskien sa ha!

Ja, dat is Warkum, myn berteplakje
Hwer ‘t ik sa gol boartsje koe
De hiele dei
De hynsders draefden noch nei ‘t fabryk ta
By “Sirius” lans de Spoardyk oer
De sé bisprong hjir it lan
Dat is hjoed dan it Stran Sudersé is nou boerelan

19-7-1944 Ab Surd,

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: