Súd 22
Yn ’e étalaezje fan Yntema’s garaezje
Stie eartiids op kleurige printen to lêzen
Hwat der yn ‘de Doele’
by ‘Miedema’ wie to rêdden:
Deze week Grace Kelly,
Louis Armstrong
& Bing Crosby
In ‘High Society’!
By de pomp
sjoch ik noch Obe’ Tine stean
Yn har sniewite BP-klean
De jongerein op sneon-to-joun nei Obe ta
Om de Studebaker of sa
Foar in kwartsje de kilometer
Nei Wergea, Berltsum of Surch,
Mei syn allen de muoite net wurdich.
Yn 1997 wie dat tiidrek
lang al foarby
Sûnt wurde postsegels,
ark, boarters- en diggelguod
Op dat sté forkocht!