Wêr ’t ik op de wrâld ek wie Yn de tropen as de snie Jimmer tocht ik oan de manlju Yn ’t mesjester op ’e Dyk Hwant dat plakje is unyk
Yn dy âlde ligersbolle Swarre, swetse, lige, stâlle Lynjend op in trêdde skonk Kwitsten se de prûmkes Oer de gieltsjes fan it honk
Albert Braadtjen, fêste klant Lûkte op syn plakje op ’e bank In bongel fol forhalen iepen Oer Lenin en Sint Petersburg Yn syn eigen Hylper klank
Deunby yn it hynstegat Wennen Tryn en Alle Pôlle Dy naem nei de thé en bôlle As in soarte fan gerak Leafst in plokje kautabak
Krom oer ’t stjûr by Séburch op Wraksele mei in reade kop En in kniper yn ’e bokse Baes Kyk as in taeije okse À la Coppi nei de top
Simmerdei tsjin melkerstiid Fytste yn in blauwe overall Mei in gimmelearden kantsje Yn sawn hasten oer de dyk Douwe Huitema syn dochter Antsje
Ige Ripke ried op ’t strân Op in dizenige moarn Tsjin in tichte hikke oan Ut de tiid en hwat in skea Ende, ende, ’k wie hast kroandea
Mei de leppe yn ’e hân Sljochte Jetse Raffles earst it sân Dan mei in shagje yn ’e mûle Fluorre er ien foar ien De gieltsjes yn ’t stramyn
En sa rekket eltse dei In stikje fan ’t forline wei Mar op ’e Dyk foroaret neat: Hwant al sil de wrâld forgean De ligersbolle bliuwt bistean Heare Gotskes