Hege need!

As toerist kinne jo yn Warkum muoilik it wetter en oare ôffalproducten fan it minsklik lichem kwyt reitsje.
Eartiids wiene op forskate plakken yn de stêd iepenbiere urinoirs, dêr ’t jo torjochte koene om alteast it wetter
de frije loop to jaen.
Binammen foar koartmielige manlju in útkomst, mar it rûkte der fansels net al to fris.
Tsjintwurdich moatte jo as toerist nei in horeca-gelegenheitom it lytse – en greate – boadskip neffens de foarskriften ôf to leverjen, hwant pisje tsjin in tsjokke beam mei net mear en spitichernôch ha wy ek gjin mânske beammen mear yn ’e stêd.
De horeca soe dus foar dy category-minsken bêst in buordsje mei de hjir ûnder steande tekst ophingje kinne, fansels ek in buske of soks op in taffeltsje sette.

Jo komme hjir allinnich foar’t ‘gemak’?
Eins is dan in lytse jefte op syn plak!
Tige tank

Uw komst geldt slechts het lenigen van hoge nood?
Toon dan uw dank voor de redding die men u hier bood!
Dank u

You won ’t become a ‘piddler on the roof’?
By doing some coins yn the jar you can prove!
Thank you

Seulement pour la toilette vous venez ici?
Regardez que cette hospitalité a une prix!
Merci beaucoup

Euer Besuch wird nur für Pipi machen sein?
Bitte, werfen Sie dan etwas in den Topf hinein!
Danke schön

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: