Oaljekoeken

Oaljekoeken

By it lemieren pandere ik troch ’e stêd?
En, sa to rûken wie firma Koopal ek fan ’t bêd?.
Hwant by de toer, hwat skier yn it feale ljocht,?
Kaem de rook fan oaljekoeken my tomjitte om ’e bocht.?

Pake – nei in dei yn ’e beage gjin forlet fan gymnastyk-?
Kaem yn ’20 mei in skûtsje foar de wâl by ’t gasfabryk.?
Kreas opslein lei yn it rom syn oaljekoekenkream?
Mei dêrnjonken in skûne turf en hout fan in parrebeam.?

Op in hânkarre brocht er reau en ark nei de toer?
De kream oerein, de kôkkachel delset yn in hoeke ?
Turf, houtsjes, hwat kranten en lúsjefers foar ’t fjûr,?
Petroalje derby, de brân deryn, soe de kachel lûke??

De oalje yn ’e panne op it stadich lôgjend fjûr?
Soarge de koeken kaem in knap’rich koarstke oer.?
Amers fol bisleek foroaren ta in streksum miel,?
Glieden omtsjoend ta goudbrúne oaljekoeken troch de kiel.?

Nei de oarloch: de skûte passe net mear yn de nije tiid,?
Der kaem in auto mei in wenwein en in kream op tsjillen.?
Foarby it gebealch mei ark en reau, it sjouwen, tillen?
En de dochter makke heit-en-dy mei in skoansoan bliid.?

Tsjintwurdich is, tink, de fjirde generaesje by de dyk?
En hoewol ’t it pear nou Werkman hjit?
Wasemje d’ oaljekoeken takomme jier, en dat ’s unyk, ?
Dan al 90 jier dyselde Koopal-snjit. ?

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: