Ut de neilittenskip fan de koartlyn forstoarne frou Gaastra-van Lith, silger, krige Warkums Erfskip in tal nijsgjirrige boekwurkjes dy ’t ea printe binne by ûnder mear de printerij – en earder útjower fan dizze krante – T. Gaastra Bzn to Warkum.
De meeste boekjes binne fan de mjitte A5, in inkeldien is in pear streek greater, in oarenien lytser. Inkelde titels hawwe forskillende kleuren omkaften (ien byg. rose en grien en ien ljocht en dûnker pears), dat soe bitsjutte kinne dat der fan dy titels forskillende printingen west hawwe, lykwols der stiet gjin printedysje yn de boekjes. De measte boekjes telle seis of acht siden.
As earste dan is der in eksimplaer fan in sa ’t op it omkaft stiet ‘Bikroande foardracht’ fen F. Ferwerda, Foardrager – Warkum, dat as titel hat ‘De reis fan Gabe en Setske’. It boekje hat it nûmmer 13 krigen, dus it bihearde ta in rige en rint der hwat út mei âlve siden. Oannimmende dat soks it gefal is, is nr. 1 dan ‘Sa ’n lyts flarde’, dat oersetten en biarbeide is -der stiet forfryske op – mar der is gjin skriuwer en ek gjin oersetter fan bikend. Nûmmer 4 fan dy rige hat as titel ‘In spoekestoarje’ en wurdt oanrikkemandearre (op it omkaft) as in ‘foradracht foar ien persoan’ en de skriuwer hat himsels N.N. (Nomen Nescio) neamd. Dan binne der fan de doetiids bikende Blauhúster ‘folksdichter’ Joh. Rypma yn dy searje in tal foardrachten printe. Nûmmer 6 hat de titel ‘Winst troch forlies’, en nr. 9 ‘Klaes Koal’. Opfolgjend is ûnder nr. 10 printe ‘Dat holp’ en dêr stiet by dat it in ‘foardracht is for elkenien’. ‘De Eastgongers’ dat as nr. 12 forskynde is lykwols in foardracht
foar twa persoanen. Niisneamde Joh. Rypma wie in broer fan de Warkumer fotograef Wiebe Rypma, dy ’t yn de Begine en op It Noard wenne hat.
Nûmmer 14 hat as titel ‘As…’ en dat is in foardracht foar ien persoan fan Friso, mar hwa ’t dat west hat? Dan is der in nijsgjirrich boekje fan 103 siden dat as titel hat ‘Odo Bothnia ef de Noarmannen yn Fryslân’. It is neffens it omkaft (13,6 x 20,1 cm) in ‘historisk romantisk forhael út de Fryske Skiednis yn it foarste fen de 10e ieu, fen J.P. Asman, Terherne. It is printe, stiet op it omkaft yn Warkum, by Y. Kuipers, firma H. Brandenbrug en Zoon. Dit boekje is kompleet, mar it is net yn de bêste kondysje. In soartgelikens boekje fan de deselde printerij hat as titel ‘Wraek en Ljeafde’. It is neffens ’t oanjown stiet ek in historysk forhael mar spilet yn de lêste helte fan de 15e ieu en is fan deselde skriuwer Asman; de kondysje kin gjin sprekken lije mar it liket kompleet. Ek printe by Y. Kuipers ensafh. is de nijsgjirrige titel ‘Ho Domeny Oan Ien Boffert kaem’. It boekje telt 43 siden en is skreaun troch J. Schoelier fan Makkum en as printjier stiet op it omkaft 1896. It is kompleet maar de kondysje koe better. Dan is der in eksimplaer fan in lêzing fan Pieter Jelles (syn fan wurdt net neamd, hy wie al rounom bikend?) dy ’t as titel hat ‘Fen Liet en Libben’. It telt 56 siden en de lêzing is hâlden de 30e fan foarmoanne (dat is jannewaris) 1910 foar it selskip Rjucht en Sljucht yn De Haech, dêr ’t ek de útjower siet, ntl ‘de Atlas’ en R. v.d. Velde yn Ljouwert wurdt neamd. Dan is der ek op A5 de printe ‘Toespraak ter herdenking van het 200-jarig bestaan van het Kergebouw der Doopsgezinde Gemeente te Workum, gehouden den 12 Mei 1895 door T.H. Siemelink’. It hat 34 siden en it wie sa ‘nij’dat der noch in pear siden oan inoar fêst sieten. Fierder binne der Keuringsdeicatalogi fan 1921, 1923, 1926, 1927, 1933, 1934 (hat gjin omkaft mear) 1936, 1937, 1938, 1941. Allegearre yn ridlike kondysje.
Dizze catalogi binne troch de opnommen adfortinsjes in boarne foar sneupers oer de middenstân fan Warkum, en sille wis wol de website fan ‘Warkums Erfskip’, dy ’t de boekjes oerlange krige fan de erfgenamten, of oars wol ‘Warkum, nl’ helje. En hwa ’t niget hat oan tael kin yn dizze boekjes gewaer wurde hoe ’t om 1900 hinne Frysk skreaun waerd.