De Ronde fan Warkum
Toarkjend sinneljocht tsjemzet lâns it brodzige, skieppewollene forwulft; near hjoed, miskien in tongerbuoi, aensens op it Dwarsnoard ropt, switflekken yn it crackfreestisele, al knûkelige boesgroen, de omropper de renners – nûmmers mei koaikerspjelden op ’e rêch prikt – nei de jister fan de start. Hastich kliuwt de jury, breedgalgich, op ’e frachtwein; it tearich dekkleed wurdt oan ’e kant reage wylst de kamprjochter earst. Noch gau in bolknak yn ’e brân jaget. De renners, strakke koppen, kûten glêd, hurd, roppich stuiterbantsjend foar de streek, dy ’t ronfelich de blaukoperne strjitte midstwa partet as middenmank de skerpe rook fan dr. Sloans, dérailleuroalje en krekt jarre lân in jachtgewear heas dit kleurich lyts universum, nóch yn ’e losse stringen, yn twaën sjit. In skoech rekket, efkes mar, út de toeclip, knarseltoskjendKetlingen kreakje en stadich as ‘de Blauwe Ingel’ dieselet it peloton himsels op gong, krekt foar de Súdwesthoekebus út. Gau al balt de blikkene omropper sprintpreemjes – in ryksdaelder, in skimerlampe, in pear tubes, in poun droege woarst en soks mear – stjitterich oer itParcours. As in ilestiken carrousel fjouweret in snuvende kloft inRounte letter der sigeseagjend op ta, dan hieltiid fierder de middei yn, wylst de tiid hymjend krytwyt oer it rounteboerd wisket. Einliks los,waeijeret omtrint in snies koprinners as in keppel ûnbironge Arabieren, Noasters wiid en snuvend, oer de swarttarre Prystershoeke, dounset by ’t earnstichgrize Sint Gertrudis de bocht om, giselt as in blynkape wynhoas it Dwarsnoard wer op. Dêr!!, ynienen in reade Eroba toppet oer de fiskbonkige klinkerts, rekket it roastichgriene plantsoenstekje. “Stomkop, Sjoch potfordomme better út dyn doppen, kloat!” Grimmitige lilkens smoart yn ’e skille foar de lêste rounte. It publyk hinget longerich tsjin de touwen; by ‘de Zwaan’ gûle de remmen. Der dûkt ien op in pak strie, goudgiel as de trui fan Gastone Nencini. Mismoedich, knibbel tsjok en iepen, slach yn ’e tsjille, hinkelet er nei de garaezje fan de ‘Combinatie Stad Workum’ en sjocht noch krekt hoe ’t in matsjedoar yn swarte trui mei giele stjerren as earste oer de streek daveret.