Lêz dit

Feesthâlde ja, det sit de ljue
Tsjinwirrich yn ’e kop,
’t Is túgen hjir en fleanen der,
’t Hâld siker hast net op.
Nou lyket it, det is net oars,
Det er for my sa ’n dei
Net folle to fortsjinjen is,
Mar ’k leauw, it falt wet mei,
Hwent mannichien skrikt d’ oare deis
By ’t neisjen fan syn klean
En moat om broek, ef jas ef jurk
Gauw nei in keapman gean.
Komy jimme sa ’n gefal es oer
Is ’t ien of ’t oar kepot
Den fyne jim by W. DE VRIES,
Sebiet fan alles hwet.
Yn lapegûd en makke klean,
Ik bin yn alles klear,
En help, it komt er neat op oan,
In jiffer en in hear
Kom túgesdei yn Warkum, en
Rin efkes by my oan
En nim it ien ef ’t oare mei
Fen WILLEM HINDRIKSSOAN

Oanbifeeljend,
W. de Vries Hsn

Dizze adfortinsje komt út de Fékeuringskatalogus foar de keuring fan woansdei 28 septimber 1921. Dy katalogus kostte doe tweintich sinten, sa ’t op it omkaft stiet. It eksimplaer fan dizze katalogus is nei alle bitinken it jier derop brûkt om by de adfortearders lâns to gean om wer in adfortinsje yn it keuringsboekje to krijen, hwant op hast eltse side fan it boekje steane bidragen, mei inket, opskreaun. Neffens de notysje moast dit rimstyk, op ien hiele side, fl. 3,50 jilde. Fierderop steane op ien side twa adfortinsjes en dêr moast fl. 2,50 it stik foar bitelle wurde. Ek steane der oanfollings of foroarings foar de tekst op oanjown. Sa stiet der by de adfortinsje fan W.H. van der Werf, sigarenhandel, telefoon nummer 13, dat dy tonei op de efterside fan it boekje (A5 formaet) komme moast. It sigarenhandel en it hannelsmerk, en it tillefoannûmmer koene der dan út. En yndie stiet op de katalogus fan woansdei 19 september 1923 Van der Werf syn adfortinsje op de efterside.

De tekst fan it rymstik is yn de stavering fan doe oernommen en dy forskilt nochal mei dy fan tsjintwurdich.

Dy katalogus komt út it archyf fan de famylje Gaastra, dy ’t de printerij fan dy namme yn Warkum hie en dêrnjonken útjower fan de ‘Friso’ wie.

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: