Jonkjes wienen we noch sa lyk nei de oarloch,mar wol warbere jonkjes. It wie yn ‘e winkel fan heit en mem altyd drok en heit wie faak oant jûns ta let op paad om de boekjes fol mei boadskippen te praten. Letter doe’t wy wat âlder waarden, brochten wy sneons dy boadskippen op de fyts nei de klanten ta, twa tassen efter oan ‘e pakjedrager en twa oan ‘t stjoer.
Mar doe yn ‘t begjin hienen wy in protte frije tiid en net sa folle tasjoch. Tegearre mei myn broer Tinus boarten wy altyd bûten. Warkum wie doe folle grutter as tsjintwurdich en it Súd wie ús lang genôch. De Djippe Dolte wie in breed wetter mei oan ‘e oare kant allinne mar greiden en de molkefabryk. It libben wie ien grut feest fan knikkerje, hoepjeie, topje, fiskje en kattekwea. Ik boarte doe in soart mei Jakob fan der Meer (fan de slachter), Jan Tjalsma (fan de lapkewinkel), Pier Hiemstra en Jan Ouderkerk (beide fan fjirder op it Súd), Loek de Jong (fan de Merk), Sierk Mulder (út de stege), en Andries Vlas (tsjin ús oer) en wis sil ik wol in stikmannich fergetten ha.
Minsken dy’t de Friso lêze – en hokfoar Ald-Warkumer docht dat net? – kenne fansels dy nijsgjirrige column “Fyftich Jier Lyn”. It as altyd it earste wat ik lês. De oantinkens út myn bernetiid rinne dan lyk op mei dizze rubryk. Sadwaande bin ik einlik al in skoft fjirder as koart nei de oarloch. Doch bliuwt dy tiid my tige by, al soe ik net krekt witte wêrom. Is it bygelyks omdat alles doe sa dúdlik wie? Wy wisten wa’t goed en wa’t ferkeard wienen. Dêr hie de oarloch wol foar soarge. Mar it hie lykwols ek te meitsjen mei de spannende ferhalen dy’t wy oer dy tiid te hearren krigen, sneontejûns wylst mem kofje út ‘e prottelkanne skonk foar de manlju dy’t de rekkentsjes betellen en rokerij hellen. Wy mochten er fakentiden bei bliuwe at wy ús mar net yn it petear mongen. Mei trienjende eagen sieten wy dan te lústerjen yn de keamer efter de winkel, dy’t blau fan ‘e reek wie. Doch tink ik dat dy tiid my foaral sa bybleaun is, omreden dat ik doe myn earste oantinkens opdien ha.
Doe’t wy âlder waarden, feroare der fan alles om ús hinne en wy feroaren ek. It libben waard djipsinniger en der kamen problemen op ús ôf fan skoalle en mei fankes en sok soart saken. Dêroer tochten wy nei en sieten dan op ‘e stoepe nei de bolstiennen en de Wymerts te sjen en te praten oer wat der yn Warkum barde, mar foaral oer wat der noch barre soe.
Frank Dijkstra
juny 2007
Foto: Luchtfoto van het Sud tegenover waar Frank woonde.