In kiezer en in sielebleater

In kiezer en in sielebleater

(20 april 2009, in hearoeder yn ’e alang-alang)

Forline wike moandei rûn Arno op ’e Easterdyk my tsjin it liif.

“Pardon”, sei er, “ik moat avensearje, Snits Superior stiet yn ’e kiif.

Niiskrektsa skille Hâns my, de weryndieling wurdt in strop.

Syn gemeentehûs, rôp er oerémis, wurdt bistoarme fan ûnderen op.”

“Nou”, sei ik, “neffens perf. Herweijer kinn’ wy B&W in fet jittik jaan

En Harm in kanne fan Joh. Meijers Haarlimmer Oalje* of Draisma’s Levertraan”.

Sneon sieten yn ’e “Sneeker Pan” Hâns, Jappy, Teunis en Harm oan ’e taap,

Wylst dûnsen Arno en Willemine de tango, mar net rjocht yn ’e maat.

Doe ’t Arno sierlik Willemine yn ’e earms heine soe, foel dy krekt op har gat

Sa kaam, it moat net mâller, deputearre Sjoerd harren fergeemje oer it mad.

Ferbjustere rôp dizze pommerant: “wie dit de sniebalfoxtrot of de polonaise?”

Willemine krige in kaam en Harm begûn de horlepyp op de Marseillaise.

Letter moete ik, hearken, hearken, ek noch ús wethâlders by de toiletten

En frege: “hokfoar korset hat Maison Irene** jimm’ oanmetten?”

D’ iene krige in kop as in krekt tarre blazer ***, woe der hwat yn omlige

D’ oare knikte en de lêste skeat it húske yn, hy moast mi.., eh, pisje!

*               fabryk eartiids yn ’e Roggemûnestege, Warkum                                                                               

**             romroft Warkumer ‘equivalint fan Moadehûs Dior’, ca. 1954         

***           type fiskersboat foar de Noardsee, net hiem yn Warkum

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: