It Soal 1963

It Soal 1963

Fier fuort krasten izers harren monotoane ritme op it hymjen fan ‘e eastewyn.
In mistich fjild
oardene stosnie
oer it útgreppele lân as ûngelikense pianotoetsen hjir en dêr giet ferkleure troch kwalsteriis.

Lit my mar lizze Heist dy wite butte op it Soal
yn ‘e ferskuorrende lijte fan keale reiden
de wazige eagen rjochte op it Sibearyske lege lân
fan ‘e Warkumer waard
en op de swarte skym dy’t stadich
njonken in ûndersnijde dongbult
tusken stront en strie in ûngáns bedobbet.

Yn it feale lampeljocht
rôlet sêft in merakel oan vuurden
oer de skonken fan de kealjende ko
mompelt bytiden de rigels fan in áld dichtstek
en lit de hûn it refrein hearre.

De winterwyn kreaket yn ‘e bynten
rattelt oan it panstrutsen dak.

Stadich lûke, hálde, hálde.
Moarnsskimer set him del op it neakene fuotpok
lûke,
efkes wachtsje
taaste hannen hoeden tusken bint en kealekop
klomsk stekje libben, klaaid yn swartbûnt fel glidet 18 jannewaris temjitte,
Dora 4.

Lit my lizze yn ‘e beferzen wettergroede foar de slûs
ynpakt yn maaitiidssnie mei
wite bloeisem oan stikeltrie
tiidleas meinommen troch in flecht ljippen
en griene prottersflerken
heger as it ljurkeliet
fier foarby it spektrum fan ‘e sêfte reinbôge.

Bikkelhurd hinget de kjeld en
de keunstmjittige waarmte
om de eigen fertroude bedstee hinne
de wrede treast ferfrommele
ta in fodsje mei fiif stempels
en in suterich rierrekeal.

Jacob Bouwhuis Warkum, 21-01-2008

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: