- Mem, ik foun by us op souder
In fotojan in hiel aid hûs
Dy is fêst fan foar de oarloch
‘ k Sjoch dêr beammen by de rus - Jonkjé, hwat is dat nou aerdich
Dat printsje wie ik jierren kwyt
Ja, de sted is gans foroare
Warkum wie doe noch mar lyts - Sjoch, dêr op dy skiere foto
Stiet in mantsje mei in bóllekoer.
Jonge, dat ‘s dyn alde pake
Dy wenne, miend’ ik, by de toer. - Dy toer hwer’t jo it nou oer hawwe
Dat is ek in great skandael
Al in pear jier yn ‘e “steigers”•
Foar in monumint is gjin kaptael. - Noard en Sud aenst op ‘e skeppe
‘k Sit der dochs wol hwat oer yn
‘k Tink to faek oan de Begine:
Jarrekolken mei in beam der yn, - En de alde ligersbolle,
Mem, is dy der nou noch wol?
Jonge ja, dy ha hja, leau’k, forgetten
Hwant it giet hjir oars mar mal - En wer binn’ us giele klinkerts?
Ut Pilesteech en by de Waech
Freget min Gemeentewurken,
Krije jo gjin antwurd op jou fraech!! - ‘k Miende oars soks is biskerme
Mar dat is dus flaue kul!!
Al dy amtenaren hjirre
Ha deroer gjin flau binul - Nou is min wol wakker dwaende:
Hjir en dêr in uthingboerd
Eins kin ik der wol om gûle:
Al forgriemd wurdt nea wer goed!! - ‘k Sjoch Us noch by ‘t hofkesjongen
Yn de tun fan Jukema
Aensens wurdt dat hûs ek platgoaid
In Super Boer wol dat miskien sa ha!
Ja, dat is Warkum, myn berteplakje
Hwer ‘t ik sa gol boartsje koe
De hiele dei
De hynsders draefden noch nei ‘t fabryk ta
By “Sirius” lans de Spoardyk oer
De sé bisprong hjir it lan
Dat is hjoed dan it Stran Sudersé is nou boerelan
Ab Surd,