Johanna Ratsma

‘Smel Sulver, folkskundige bydragen , yn It Beaken, 35e jiergong 1973, in útjefte fan ’e Frsyke Akademy,  hat in stikmannich sêgen út de Warkumer kontreijen opnommen – opskreaun troch apteker W.T. Beetstra – mei ûnder mear in forhael oer dounsjende stuollen yn it notarishûs op it Súd. Tsjintwurdich (AD 2009) is dit ienris sa moaije patriciërshûs (mei doetiids in moaije tún, tige geskikt om it nobele ‘ambacht’ fan it hôfkesjongen to bioefenjen) bikend as Super de Boer.
It forhael is oan Beetstra trochdien troch Bouke Kemker, silger, de printer/útjower fan ús pleatslike krante ‘Friso’. Hy hat dit forhael ea ris heard út de mûle fan Hanne Ratsma, dy ’t yn in stege wenne net sa fier fan it Warkumer weeshús. Hanne Ratsma har grêfstien stiet noch op de eastlike side fan it âlde tsjerkhôf op ’e hichte fan it eardere ierdewurkfabryk ‘Aurora’ op it Skil by de âlde parochytsjerke fan St. Gertrudis. Hanne hie in kammeraetske, dy ’t faem wie by notaris Tjebbes, dy ’t doe yn dat hûs op it Súd wenne. It forhael spilet neffens Beetstra syn notysje yn de jierren 1865-1870. Sjoen de bertedatum fan Hanne (22.7.1867) kin dat hast net it gefal wêze en moat it barren letter plak foun hawwe. Hanne forstoar neffens it opskrift op de stien op 16.10.1952.

Op in joun moasten notaris en syn wiif to jounpraten nei goekunde. De faem soe húswarje en op de bern passe, mar omt hja der tsjin oan seach om allinnich yn it greate hûs op to sitten, frege hja har kammeraetske Hanne om har to biselskipjen. De beide fammen sieten yn de foarkeamer, doe ’t hja op in stuit in freeslik leven efter yn it hûs hearden. It wie ûnderwilens al tsjuster wurden, dat it lokke de froulju net oan om der daliks op ôf. Mar mei it each op de bern waerden dochs de dryste skuon oanlutsen. Nei ’t hja de efterkeamersdoar – dêr kaem it lûd wei – hiel foarsichtich iepen dien hiene, stiene hja mei greate eagen to sjen nei it tafriel dat him yn dy keamer ôfspile: alle stuollen dounsen om ’e tafel hinne en dat makke in protte leven. Tige skrokken klapten hja de doar ticht, en naeiden út, troch de foardoar nei bûten ta. Dêrre hawwe hja op ’e stoepe wachte oant notaris-en-dy thúskamen. Hanne, dy ’t foar de wierheit fan dit barren ynstie, woe nea wer yn dit spoekhús komme, “hwant” sei hja, “it doocht dêrre netLetter kaem notaris Jukema yn dit hûs to wenjen en fan him waerd sein dat er yn syn swarte keamer, faeks dyselde efterkeamer, spiritistische séances hâldde.
Dyselde Hanne Ratsma roun op in jountiid, hja wie noch in bern, mei har mem oer de Merk. It wie al tsjuster, doe ’t hja ynienen in dúst tsjin it skouder fielde. “Mem”, sei it famke, “ik haw niiskrektsa myn skouder stjitten en dat docht my och sa sear”. Har mem hie gjinien sjoen mar skrok wol, hwant op itselde stuit seach hja in fisioen foar har. “Och hearken famke”, sei hja, “dat is in lykstaesje. Nou giet der by ús op ’e buert gau ien dea”. In pear dagen letter forstoar har buorfrou!

Workum.nl wordt mogelijk gemaakt door: